12/08/2026
Dat wie de IFKS 2026 alwer! 💪🏼
Wy slúten de IFKS ôf mei in 1e plak op de finaledei yn Lemmer! 🥇 Wat in moaie ôfsluting!
Freeds wiene ús sponsoren mei op de folchboat. Doe binne we 5e wurden. Dêrnei mei-inoar de oare klassen besjoen ☀️
Uteinlik binne we 4e wurden yn it algemien klassemint. Krek 2 puntjes tefolle om te promovearjen, mar it makket us allinnich mar mear gemotivearre. Folgjend jier geane we der wer fol foar!
Tige tank oan al ús sponsoren foar harren stipe en fertrouwen it ôfrûne seizoen. Sûnder jim is dit net mooglik!
It wie in prachtige wike mei in soad spanning, wille, striid en moaie mominten. Op nei de IFKS 2027! ⛵️🔥