FC Birdaard

FC Birdaard de Facebook pagina voor voetballend Birdaard e.o.

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XIXUnder dit plaatsje stiet de namme fan Ritske Kuipers. In namme út it ferl...
20/09/2026

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XIX

Under dit plaatsje stiet de namme fan Ritske Kuipers. In namme út it ferline fan de FC Birdaard, in tige markant man. Jimme kenne grif wol Nanne Kuipers - net betelle humorist - en dat is in âldere broer fan Ritske.
Ritske wie net in baas fuotballer, hy hie wat dat oanbelanget syn lea ek net mei, yn myn gedachten fjouwere er altiten in bytsje as in Frysk hynder. Mar dat sa sydlings.
Ritske hat jierrenlang de perschef west fan de FC Birdaard. Yn de jierren santich skreau hy de wedstriidferslaggen en de útslagen fan de legere alvetallen en de jeugdteams, die noch welpen, C en B en A-junioren. Hy hâlde ek de doelpuntemakkers by en betelle út eigen bûse de Topscorerstrofee. By bysûndere prestaasjes ljochte er sels De Telegraaf yn. Sa wit ik dat de okkerdeis ferstoarne Otte Postma yn it seizoen 1978 - 1979 de 100 doelpunten helle en dat helle troch Ritske de lanlike krante.
Hjoed-de-dei tinkt men wat oars oer it tapartsjen fan tef***e omtinken foar doelpuntemakkers, leit de neidruk op de teamprestaasje en sa. Mar wat soe der mis mei wêze as jo ien yn ‘e ploech om te rinnen hawwe dy’t de bal der âlderwetsk en sûnder babbelegûchjes ien foar ien it doel yn ramt?
Dan hiene wy sa de Ritske Kuipers topscorerstrofee wer yn gebrûk nimme kinnen.

Ritske wie ek de foarsitter fan de lanlike Fats Domino klup. Fats Domino? Sykje mar ris op op You tube. In rock and roll fenomeen.

Ritske is net âld wurden. Berne op 1 novimber 1949 en ferstoarn op 21 augustus 1981. Ritske wie herstellende fan in simmergryp en om wer wat kondysje op te dwaan foar it nije seizoen wie er it nije fjild om m, te joggen. Dêr fûnen foarbygongers him letter op ‘e dei, ferstoarn oan in hertstilstân.

60 - JARIG JUBILEUM FC BIRDAARD PROGRAMMA 2 en 3 OKTOBER 2026 XVIIIUitnodigingBeste leden en oud-leden van FC Birdaard,O...
18/09/2026

60 - JARIG JUBILEUM FC BIRDAARD PROGRAMMA 2 en 3 OKTOBER 2026 XVIII

Uitnodiging

Beste leden en oud-leden van FC Birdaard,

Op maandag 5 oktober 2026 is het exact 60 jaar geleden dat FC Birdaard is opgericht. Deze bijzondere mijlpaal gaat uiteraard gevierd worden. In het weekend van 2 en 3 oktober worden er meerdere activiteiten georganiseerd voor alle (oud)leden en betrokkenen van FC Birdaard. Dit om te vieren dat wij met zijn allen ervoor hebben gezorgd dat we deze bijzondere mijlpaal bereiken. De activiteiten vinden deels plaats op het parkeerterrein, dus wij willen u vriendelijk verzoeken om auto’s op de parkeerplaats van het oude sportterrein te parkeren.

Het jubileumprogramma is als volgt:

Vrijdag 2 oktober 2026:
19:30 – ca 23:00 Jubileumjacht (greppeltocht), deelname vanaf 12 jaar
Opgave bij Lennaert Kooistra (06-31525106) voor 27 september

Zaterdag 3 oktober 2026:
14:00 – 15:30 Spellen voor de jeugdleden tot 12 jaar (en ouders)
15:30 – ca 22:00 Receptie 60-jarig jubileum
Met om
15:30 Inloop receptie
15:30 Gratis zweef en springkussen voor de jeugd
16:00 Officiële opening met feestelijke onthulling
16:00 – 19:00 FC Birdaard museum
17:00 – 22:00 Livemuziek van Sander Metz

Deze dag zal er ook een foodtruck op het terrein zijn, met een ruim assortiment aan eten.

Wij heten iedereen op 2 en 3 oktober graag welkom op Sportpark de Swellen.

Jubileum commissie FC Birdaard

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XVIIKampioensfoto C1 seizoen 1978 - 1979.Op it âlde trainingsfjild.Steand fa...
18/09/2026

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XVII

Kampioensfoto C1 seizoen 1978 - 1979.

Op it âlde trainingsfjild.

Steand fan links nei rjochts Gerrit Hoekstra (leider); Hein Holwerda; Sieds Pijnacker; Jan Mennegat; Johannes van der Werk (sponsor VIVO-winkel); Jan Koning; Klaas Kompjûter de Jong; Fokke Kooistra.

Yn ‘e hoksen: f.l.n.r. Jan van der Weit; Klaas Jellema; Ype Elgersma; Otte Postma; Peter Johan van der Werk; Jan Palma; Germ de Jong; Douwe Spijksma.

Graach reaksje op de fraachtekens of mooglik ferkearde nammen by de goede persoanen of oarsom 😉. Alle fraachtekens binne ynfuld! Bedankt.

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XVIEarder al ris de hurde kearn fan de Burdaarder supporterschare neamd. Lyk...
17/09/2026

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XVI

Earder al ris de hurde kearn fan de Burdaarder supporterschare neamd. Lykwols sûnder fjoerwurk as oar supportersgeweld. Of Eeltsje moat ferbaal al ris út ‘e sloffen sjitte.
Eeltsje en Riekje Terpstra, want dêr hawwe wy it oer, sille mei-elkoar in ôfgryslik protte wedstriden fan de FC Birdaard sjoen hawwe, seker doe’t soan Willem noch self warber wie binnen de linen.

Boppedat hawwe earst Eeltsje mei Riekje en letter Eeltsje allinnich alle wiken de kopij foar it FC Birdaard-nijs by elkoar fandele en printe. Moandeiswurk dat letter oernommen is troch soan Willem.

Net f***e minsken sille witte dat Riekje altiten Willem syn fuotbalkeunsten foar safier’t dy fêstlein binne op de foto, krante en fuotbalkrantsje, bewarre hat yn in stik as fiif plakalbums. Goud foar sa’n jubileum en it Museum dat yn it jubileumwykein yn de kantine ynrjochte wurdt.
Ek dêr sille jimme genôch fan te sjen krije.

𝗜𝘁 𝗧𝗿𝗲𝗱𝗱𝗲 𝘀i𝗸𝗲𝘁 𝗻𝗶𝗷𝗲 𝘀𝗽𝗶𝗹𝗲𝗿𝘀(foar in teamfoto)!Ofrûne wike waarden troch fotografe Simone wer de jierlikse teamfoto’s ma...
17/09/2026

𝗜𝘁 𝗧𝗿𝗲𝗱𝗱𝗲 𝘀i𝗸𝗲𝘁 𝗻𝗶𝗷𝗲 𝘀𝗽𝗶𝗹𝗲𝗿𝘀
(foar in teamfoto)!

Ofrûne wike waarden troch fotografe Simone wer de jierlikse teamfoto’s makke fan de measte teams. Krekt as alle jierren waard ek it ensemble fan Dolly & Pripke ynpland en suver ek al as tradysje skittere It Tredde wer ris troch ôfwêzigens. Al wie der dit jier al in lytse ferbettering: lieder/lijder Dolly kaam him persoanlik op it ôfsprutsen momint ôfmelden, by Simone. Dat is wer ris wat oars as it jierlikse sneue appke, mei de meidieling: ‘do wist dat wy net komme hè?’. Fan dizze need waard úteindelik mar in deugd makke en sa fertsjinwurdigt Dolly dit jier de teamfoto fan It Tredde hokker it kommende seizoen te besichtigjen wêze sil by sponsor Café-Cafetaria De Witte Olifant. Bisto ynteressearre om ien kear per jier yn in FC Birdaard shirt te shinen foar in fotoshoot? Meld dy self dan oan by Dolly as Pripke.

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XVDe achterkant fan de foto mei de hântekeningen fan de alve cracks.Underoan...
17/09/2026

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XV

De achterkant fan de foto mei de hântekeningen fan de alve cracks.
Underoan de namme T. van der Veen - Praamstra, ‘Tryn’ de widdo fan Swarte Geart van der Veen. De foto sil grif fan har west hawwe en sa yn it argyf fan Riekje bedarre wêze.

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XIVIt kampioensalvetal fan 1975 - 1976 3e klasse FVBSteand fan lonks nei rjo...
17/09/2026

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XIV

It kampioensalvetal fan 1975 - 1976 3e klasse FVB

Steand fan lonks nei rjochts:
Rense Kingma (keeper); Fokke Dam; Sietse Monsma; Riemer Kooistra; Eddie Terpstra; Gaatse Rozenga, Janke Veenstra; trainer Jaap de Blauw.

Yn ‘e hoksen fan links nei rjochts:
Harm’Fokje van der Veen; Johannes van der Bij; Gerrie Heslinga; Jan van der Ploeg; Jan TOBO Feenstra; Jan Boelen; Willem (mr. DJ )Veenstra

De kapper yn Burdaard wie sa’t jimme wol sjen kinne al in skoftke ferstoarn.

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XIIINoch in kranteknipsel út it argyf fan Freddy Pieters en op sa’n poisitiv...
17/09/2026

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XIII

Noch in kranteknipsel út it argyf fan Freddy Pieters en op sa’n poisitive wize sil er grif net sa faak yn ‘e krante stien hawwe.
Ik bin noch efkes oan it opsykjen hokker datum dizze krante. Dat wie net sa dreech want oan ‘e ein fan it stikje stiet dat de FC takom wike net yn aksje komt yn ferbân mei it it 25-jierrich jubileum.
Dus dat moat west hawwe ein septimber 1991.
Sponsor wie yndertiid TOBO transportbedriuw Jan Feenstra.
Om it hiele stik te lêzen soe ik wer efkes op it plaatsje drukke en mei tûme en wiisfinger grutter meitsje. Of Fredie efkes skilje want hy sil de tekst wol út ’e bleate plasse kenne.

𝗔𝗴𝗲𝗻𝗱𝗮 𝗮𝗰𝘁𝗶𝘃𝗶𝘁𝗲𝗶𝘁𝗲𝗻 In het najaar staan de volgende activiteiten op de planning.Meer informatie volgt!
16/09/2026

𝗔𝗴𝗲𝗻𝗱𝗮 𝗮𝗰𝘁𝗶𝘃𝗶𝘁𝗲𝗶𝘁𝗲𝗻

In het najaar staan de volgende activiteiten op de planning.

Meer informatie volgt!

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XIIIt programma foar de wedstriid FC Birdaard - SC Berlikum op 22 maart 1997...
16/09/2026

60 jier FC Birdaard 1966 - 2/3 oktober 2026 XII

It programma foar de wedstriid FC Birdaard - SC Berlikum op 22 maart 1997.
Efkes oanklikke en mei tûme en wiisfinger grutter meitsje om de tekst goed lêze te kinnen.

Adres

Sportpaad 1
Birdaard
9111HV

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer FC Birdaard nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact

Stuur een bericht naar FC Birdaard:

Snelkoppelingen

Delen